Algemene Agenda

TSJOCH 33
Lawei Drachten
25-09-2010 (aanvang: 16:00)

NieuwsProgrammaFoto's, films, recenciesGastenboek

Tsjoch Concerten | Foto's Films Recensies

Ôfskiekonsert “ de Trûbadoers”
‘De Skâns’,  de Gordyk
Sneon ,12 desimber 2009

Om 20.30 oere soe it allerlêste konsert út ein sette.
Om goed healwei achten stie de hal al fol minsken dy’t rêstich steandewei in bakje kofje dronken en wachten oant de sealdoarren iepen gean soene.
Om healwei njoggenen siet de seal en it balkon grôtfol mei fans dy’t dizze allerlêste kâns, om de 4 Trûbadoers mei elkoar op it toniel te sjen en foaral te hearren, net misse woene.

Dizze Fryske sjongers binne mei dizze gearwurking fansels “Maten foar it libben” lykas  Gurbe, allinne sjongend mar mei muzikale stipe fan Jaap, Doede en Piter, it konsert begjint.
Hja bliuwe grif mei ‘Fragen’ sitten. Alle fjouwer sille hja noch faak de fraach krije: “Werom hâlde jimme dêr mei op?”
Ik bin der hast wis fan dat Doede, Piter, Gurbe en Jaap noch wolris mei elkoar ‘De âlde Púndyk bydel’ geane.
Dêr sit grif wol in ‘Fries om útens’ yn’e seal  dy’t op muzikale wize  fan de Trûbadoers te hearren kriget hoe’t hja dêr oer tinke dat hy of sy út Fryslân wiegien is.
‘Nea lit ik dy wer gean’ en ‘Moarn is der wer in dei’ songen de 4 mannen sa moai. Elk hiel dúdlik syn eigen lûd mar as hja mei syn fjouweren sjonge passe dy stimmen o sa goed by elkoar. Ek de begelieding mei in grut ferskaat oan ynstruminten.
Hja spylje alle fjouwer gitaar, Jaap spilet ek noch mûlharp en Doede nimt ôfwikseljend de mandoline, banjo, fluit of de akkordeon as syn ynstrumintale bydrage.
It publyk hat it o sa nei’t sin is te hearren oan’e reaksjes en it golle applaus dat de Trûbadoers krije.
It is in noflik skoft west want as de 2de helte fan it allerlêste konsert begjint mei in muzikale hulde oan de ‘Lûdsman’, Harry Zwerver, komt it publyk echt los. It kin ek net misse om’t Jaap, Piter, Gurbe en Doede ‘Nei de klompen yn it spul”komme. Der giet efkes wat mis mar dizze allerlêste jûn jout dat neat, artysten en publyk ha dêr wille om.
Noch ien kear genietsje fan guon ‘eigen’ lieten. Jaap mei syn: ‘Memmen by it stek’ sa moai!  Doe’t Doede  it gefoelige liet: ‘Lytse Poppe’ song, wat wie it doe stil yn’e seal.
Doede rekke de minsken mei de tekst.’Piter sjongt syn eigen, ûnderwilens ferneamde: ‘Hoe wiis as ik mei dy bin’ en Gurbe bringt syn nûmer ien yn’e Fryske top100: Cliffs of Moher’ en dat sjongt it publyk graach mei fansels.
Ik sil net alle nûmers neame dy’t de mannen dizze allerlêste jûn oer it fuotljocht brocht ha mar se hawwe harren goed ward. It konsert duorre fan 20.30 – 23.30 oere.
Neffens my, koene de Trûbadoers der ek mar mei muoite in ein oan meitsje en it publyk hie nei de útsetter: ‘Lit jim gean Friezen’ noch wol oeren trochgean wollen!
Mar it is foarby  nei: ‘Foar it ôfwennen noch mar ien’ ! Hja lieten it publyk witte: “It is net mear as dit of dat, út harren liet: ‘Sa gewoan’.
Soe it echt sa wêze minsken: “Nea wer”??
Gelokkich hawwe wy de CD’s fan de Trûbadoers, “De âlde Púndyk bydel’ en  ‘Der tuskenút’noch.

Groetnis,
lineke
 
Design & Building: Steffen & Jelte