Algemene Agenda

TSJOCH 33
Lawei Drachten
25-09-2010 (aanvang: 16:00)

ArtiestenInfoCursussenRecensiesAdvertentiesDe MikrofoanGastenboek

Tsjoch Vereniging | Mikrofoan

Iedere maand stellen we 10 vragen aan één van onze leden. In het Nederlands of yn it Frysk.
Omdat het idee voor deze rubriek geboren is in het jaar van Tsjoch 32, maken we op de alfabetische ledenlijst steeds sprongen van 32.
De redactie van de rubriek is in handen van Bauke de Groot.

Deze keer houden we de microfoon voor bij:



Naam: Wyger Smits
Lid sinds: 1995?
Lid omdat: Men bliuwt op‘e hichte fan it Fryske muzykfront, tagelyk is it in poadium foar alles wat der yn Fryslân oan (folks)muzyk brocht wurdt.

Bist sels aktyf yn’e muzyk en sa ja, op hokker wize?
Piel altyd mar wat troch mei sjongen en spyljen op gitaar, mûlharp en perkusje.

Wat hast sa al dien op it muzykmêd?
Ea mei de elektryske gitaar yn Waiting for the Sun en Black Roses; letter yn Cotton Green mei in hiel soad moaie optredens en foarprogramma’s lykas by The Brandos, Jayhawks, Kevn Kinney, The Gourds en yn Nederlân by Normaal en Golden Earring; in trijetal machtige Ierske toernees, dernei Hollewaai en Dixie Doodle. Altyd op de akoestyske gitaar. It prinsipe is no dat we altyd en oeral spylje kinne sûnder elektryske fersterkings.

Hokker nûmer kinst wol 10 kear efterinoar heare?
Meastal is dat sa mei nije muzyk, of materiaal wat foar it earst foarby komt, en wat der miskien al folle langer is, mar do moatst it earst mar ris fine. 10 x efterinoar is wol in soad, mar bygelyks Calexico, LosSuper7, Richard Thompson en Gillian Welch ferfeelt my net gau.

Wa is yn’e rin fan’e tiid in favoryte groep of artyst west en bleaun?
Earder wie it ien artyst of groep. It is no mear in styl, as in streaming wurden. Earder wienen it bygelyks Lightning Hopkins en Blind Lemon Jefferson en no mear de âlde bluesklassikers, REM fyn ik ek altyd moai. Mar ek de countrystim fan Emmylou Harris bliuwt dy in libben lang by.

Wat wie dyn earstkochte single/lp/cd?
Dat kin west ha: Block Buster fan de Sweet, Rolling Stones, sûnder titel, mar mei Brian Jones foarop mei in trijetosk yn ‘e hannen. Letter Live in Japan van Deep Purple leau’k. Dernei kaam Desire fan Bob Dylan.

Wat is foar dy pikefelmuzyk?
Komt hieltyd mear fan. Ik hâld no fan in hiel protte soarten muzyk; fan klassyk oan’t wrâldmuzyk, en betink my dat ik gauris de bûsdoek nedich haw. Juster noch by Christie Moore’s Two Island Swans(One last cold kiss).

Hokker muzyk hearst leaver net?
Schlagers.

Wat fynst in moaie liettekst of in moai stik liettekst?
Der binne der in wrâld fan, mar dizzen rûgelje der sa út: “Well they told us that our enemy would all be dressed in blue; They forgot about the winter's cold and the curse of fever too” (Steve Earle). Of dizze: “Pancho he can’t sing the blues; Like the way he used to; The dust Pancho hit down south, it ended up in Lefty’s mouth” (Townes van Zandt)

Wat sjongst ûnder de brûs?
Fan ‘e moarn wie dat: “Somewhere between”. Ik hearde it foarby kommen op de radio, en tocht: moaie sjongrigel.

Hokker nûmer mei fan dy op 1 yn’e Fryske Top 100?
“De emigrant” fan de Feetwarmers.



 

Deze keer houden we de microfoon voor bij:



Naam: GERARD NIJBORG
Lid sinds: weet ik niet precies meer, ik denk 1986-1987.
Lid omdat: Ik vind dat als je je sterk wilt maken voor muziek, je dat beter met elkaar kunt doen dan in je uppie. En misschien een tip voor anderen, het is ook leuk om in een organisatie als Tsjoch mee te organiseren en mee te denken.

Ben je zelf actief in de muziek en zo ja, op wat voor manier?
Ik ben als zanger, muzikant actief in de groep Gerard en Compagnie

Wat heb je zoal gedaan op muziekgebied?
25 jaar gespeeld in de folkgroep Kalis, 12 jaar gezongen in de groep Liereliet, ooit begonnen in 1967 als zanger in een schoolband. Verder als sessiemuzikant op cd-opnames van o.a. Irish Stew, Doede Bleeker, Piter Wilkens, Eddy Dykstra, Nanne en Ankie etc.

Welk nummer kun je wel 10 keer achterelkaar horen?
Er zijn zoveel nummers die ik de gehele dag wel achter elkaar kan beluisteren. Voorbeelden:
“Two-way Waltz” van Kate Wolf ,
“Christmas in the Trenches” van John McCutcheon,
“Mississippi your on my mind” van Jesse Winchester
en “Give me the roses while I live” van Tommy Thompson, Jim Watson en Mike Craver.

Wie is in de loop der jaren een favoriete groep of artiest geweest en gebleven?
Een favoriete groep of artiest, een lastige vraag. Dat zijn er veel, maar bovenaan mijn lijstje staat buiten kijf Pete Seeger. Voor wat betreft de groepen kom ik terecht bij de Red Clay Ramblers en Beausoleil.

Is er een groep of artiest die je bij ons onder onze aandacht zou willen brengen?
Ik kan hier vele groepen en artiesten opsommen. De volgende groepen en artiesten zijn niet zo bekend; Jesse Winchester, Kate Wolf, Roy Bookbinder, de voor mij beste cajunband Beausoleil, de Red Clay Ramblers en Ron Kavana.

Welke muziek hoor je liever niet?
Er is niet specifieke muziek waar ik niet naar kan luisteren. De enige muziek die voor mij niet hoeft is house en grunge en zo omdat dat geen enkele andere emotie bij mij oproept dan wegwezen. Dat geldt voor alle zgn. bonkie-bonkie muziek. Ook de manier van zingen van veel jonge zangers en vooral zangeressen die in hun lied op zoek zijn naar de ultieme noot en deze maar niet kunnen vinden, dat heen en weer gedoe. Ik houd meer van recht toe recht aan zingen. Verder kan ik genieten van klassieke muziek, zowel opera als kamermuziek en symfonieorkesten van o.a. Dvorak, Beethoven, Brahms, Mahler, Verdi, Puccini etc. Ook diverse jazz muziek, ik ben al op jonge leeftijd begonnen met luisteren naar dixieland en jazz o.a. Dutch Swing College Band en Rita Reys.

Wat vind je een mooie liedtekst of een mooi stukje liedtekst?
Een van de vele prachtige liedteksten is van Kate Wolf:
“You must give yourself to love, if love is what you’re after.
Open up your hearts to the tears and laughter
and give yourself to love. Give yourself to love”.
Een andere is het lied “That what makes you strong”, van onze gelijknamige cd geschreven door Jesse Winchester.

Welke muziek zouden mensen misschien niet zo bij jou verwachten en vind je toch prachtig?
Ik weet niet precies welke muziek mensen bij mij verwachten. De mensen die mij een beetje kennen weten dat mijn muzikale smaak breed is. Zoals hiervoor al vermeld houd ik ontzettend van klassieke muziek. Misschien niet bij mij verwacht uit de oude Nederlandse doos het Cocktail Trio.

Welk nummer mag van jou bovenaan in de Fryske Top 100?
Er is een nummer dat voor altijd bovenaan in de Fryske Top 100 mag blijven staan en dat is Moetsje van de cd Poste Restante van Roel Slofstra.

Welke vraag had je hier graag gesteld gehad en wat zou dan je antwoord daarop zijn?
Wat maakt dat jij zo fanatiek met muziek bezig bent? Het antwoord daarop is, dat ik de feiten achter de nummers wil weten. Muziek is voor mij zo’n emotionele uitlaatklep en doet zoveel met mij, dat ik graag zou willen doorgronden hoe het tot stand gekomen is en wat de betekenis is van gezongen tekst en van de gespeelde noot juist op die plaats. En ik ben van oorsprong ontzettend nieuwsgierig.

Deze keer houden we de microfoon voor bij:



Namme: HOTZE JELSMA
Lid sûnt: hiel lang
Lid omdat: ik fyn Tsjoch in wichtige feriening.

Bist sels aktyf yn’e muzyk en sa ja, op hokker wize?
Ik bin aktyf as dosint akkordeon, trekharmoanika en samenspel oan’e Meldij yn Drachten. Fierder spylje ik mei yn it Brouwers Akkordeon Orkest en ik hâld my dwaande mei arrangearen en komponearen.

Wat hast sa al dien op it muzykmêd?
Neist de al neamde aktiviteiten bin ik ek redakteur west by muzykútjouwerij de Haske yn Heerenveen en bin ik oprjochter en dirigint west fan it Fries Jeugd Accordeon Orkest.

Wa is yn’e rin fan’e tiid in favoryte groep of artyst west en bleaun?
Ik ken niet ien favoryt neame, der binne in hiele protte, útienrinnend fan Jimi Hendrix oant it Concergebouworkest.

Wa hawwe dy op it mêd fan’e muzyk beynfloede?
Hjir komt ek net ien namme boppe driuwen; dat binne tsientallen artysten en dosinten. De lêste is it Motion Trio.

Is der in groep of artyst dyst’ by ús ûnder de oandacht bringe wolst?
Régis Gizavo. In akkordeonist mei in eigen styl dy’t hiele goede swingende muzyk makke hat mei in Afrikaanske eftergrûn.

Wat is foar dy pikefel-muzyk?
De koarmuzyk fan Heinrich Schütz (1585-1672).

Hokker muzyk hearst leaver net?
Etnyske muzyk út India en Pakistan.

Hokker muzyk soenen minsken miskyn net sa gau by dy ferwachtsje, mar fynst dochs prachtich?
Jazz.

Mei wa soest wolris sjonge of spylje wolle?
Nynke Laverman.

Hokker fraach hiest graach fan wollen dat’er hjir steld wie en wat soe dan dyn andert dêrop wêze?
Jim hienen freegje kinnen wat ik noch graach ris realisearje wolle soe yn’e muzyk. Antwurd: ik soe graach noch ris in grut projekt dwaan wêrby meldijen sammele wurde fan bûtenlanners dy’t no yn Nederlân wenje. Dy meldijen moatte dan bewurke wurde foar alle mooglike muzykgroepen en dan útfiere fansels. We ha mei it Fries Jeugd Accordeon Orkest al ris soks dien en dat wie in sukses. It soe folle grutskaliger opset wurde moatte.

Deze keer houden we de microfoon voor bij:



Namme: WIEBE KOUDENBURG
Lid sûnt: 2009
Lid omdat: Ik yn Jawier spylje, in Frysk duo. It like ús as Fryske muzikanten leuk en handich om ús oan te sluten by Tsjoch.

Bist sels aktyf yn’e muzyk en sa ja, op hokker wize?
Ja, sûnt 2009 spylje ik as gitarist mei myn maat Jacob de Boer yn it duo Jawier.

Wat hast sa al dien op it muzykmêd?
Ik haw sa'n 8 jier bassist west yn Sursum, in lokale coverband. Dernei ha ik noch in skoftsje by Fryhals en letter by Bagger bas spile.

Wa hawwe dy op it mêd fan’e muzyk beynfloede?
Queen, Pearl Jam, Tröckener Kecks, de Dijk, Golden Earring, Rory Gallagher, Elvis, Beatles, Swiet & Bjuster, Ramones, Strawelte.

Is der in groep of artyst dyst’ by ús ûnder de oandacht bringe wolst?
Rory Gallagher; myn sweager hat my oanstutsen mei dizze musyk. Geweldige bluesrock, in man mei in hiel eigen lûd en prachtige arranzjeminten. Ik bin ferskate kearen nei in tribute optreden west... de beste man is yn 1995 ferstoarn nei in levertransplantaasje.

Wat is foar dy pikefel-muzyk?
Dat is een nûmer as Hurt fan Johny Cash, The show must go on fan Queen, mar ek in nûmer as Society fan Eddie Vedder (sanger Pearl Jam), skreaun foar de film ”Into the Wild”. Muzyk dy't rjocht út it hert komt.

Hokker muzyk hearst leaver net?
Grindcore en Black Metal en sa dêr haw ik neat mei.

Wat fynst in moaie liettekst of in moai stik liettekst?
It nûmer “Hurt” fan Johnny Cash (orizjineel fan Nine Inch Nails) hat in hiel moaie liettekst. It is lekker melangoalysk; kinst dy sa yn de man ferpleatse ast meisjongst.

Hokker muzyk soenen minsken miskyn net sa gau by dy ferwachtsje, mar fynst dochs prachtich?
K3 en Kinderen voor Kinderen; ik haw een dochter fan 7, dy hat my oanstutsen..

Hokker nûmer mei fan dy op 1 yn’e Fryske Top 100?
“In jûne yn Grins” fan Swiet & Bjuster.

Hokker fraach hiest graach fan wollen dat’er hjir steld wie en wat soe dan dyn andert dêrop wêze?
Wat betsjut muzyk foar dy?
Om te belústerjen,..hearlik fuort dreame en dy foarstelle datst mei de band op'e bühne stiest te jammen foar in mega publyk.
Om te spyljen, in hearlike útlaatklep, gesellich mei inoar en hiel leuk om te hearren dat minsken it moai fine.

Deze keer houden we de microfoon voor bij:



Naam: THEO DOUMA
Lid sinds: 2000
Lid omdat: optredens / Tsjoch festival

Bist sels aktyf yn’e muzyk en sa ja, op hokker wize?
Ik bin pianist/ sjonger en skriuw sels teksten en muzyk.

Wat hast sa al dien op it muzykmêd?
Ik spielje al hjirren lang yn bandsjes, sûnt 1990 ek frysktalich. Mei de band Oeremis ha we 2 cd’s makke, mei Douma en Douma ha we krekt een cd klear: “Ik wol nei hus ta”. We skriuwe alles sels.

Wa is yn’e rin fan’e tiid in favoryte groep of artyst west en bleaun?
Loudon Wainwright III, Led Zeppelin.

Wat wie dyn earstkochte single/lp/cd?
De lp Led Zeppelin 3.

Wat is foar dy pikefel-muzyk?
Echte eerlike - faaks bluesy - muzyk rjocht ùt it hert.

Hokker muzyk hearst leaver net?
Jantje Smit en syn kornuiten.

Wat fynst in moaie liettekst of in moai stik liettekst?
“Motel blues” fan Loudon Wainwright III.
bekijk hier het filmpje

Hokker muzyk soenen minsken miskyn net sa gau by dy ferwachtsje, mar fynst dochs prachtich?
Klassyke muzyk, meinammen pianomuzyk fan ûnder oaren Chopin.

Hokker nûmer mei fan dy op 1 yn’e Fryske Top 100?
“It lêste stikje pine” fan de Wjukkels.

Mei wa soest wolris sjonge of spylje wolle?
Lit my mar wat oanpiele mei ùs eigen band en mei broer Wim.

 

Deze keer houden we de microfoon voor bij:



Naam: HENK BOS
Lid sinds: 1999
Lid omdat: Ik ben geïnteresseerd in Friese muziek en Folkmuziek.

Ben je zelf actief in de muziek en zo ja, op wat voor manier?
Ik zing als bas in Folkkoor “De Wâldsilers”, voorheen een shantykoor maar de laatste 2 jaar zijn we steeds meer Friese, Ierse en Engelstalige folk gaan zingen. Ons koor bestaat uit
zangers uit de hele gemeente Achtkarspelen en daarbuiten.


Wat heb je zoal gedaan op muziekgebied?

Ik wou altijd al zingen maar het kwam er maar niet van. Zo’n 12 jaar terug stond er een oproep in de krant waarin zangers voor een nieuw op te richten koor werden gevraagd. Ik
heb gereageerd en werd direct gevraagd om voorzitter te worden. Heb dit met veel plezier 10 jaar gedaan; nu zing ik nog steeds.


Welk nummer kun je wel 10 keer achterelkaar horen?
“Song for Ireland” gezongen door Tommy Fleming, the voice of Ireland.
bekijk hier het filmpje


Wie is in de loop der jaren een favoriete groep of artiest geweest en gebleven?
Tommy Fleming, een geweldige Ierse zanger. Goede teksten en een geweldige stem die heel herkenbaar is. Ik ben bij een optreden in de Lawei geweest en ik kan iedereen aanraden
eens muziek van hem te beluisteren.


Wie hebben jou op muziekgebied beïnvloed?

Ik heb een brede interesse in muziek maar muziek van de Dubliners, Bruce Springsteen en de Eagles vindt ik erg goed.

Wat was je eerst gekochte single/lp/cd?

Supertramp, Live in Paris.

Welke muziek hoor je liever niet?
Metal.

Wat vind je een mooie liedtekst of een mooi stukje liedtekst?

“Isle of Hope, Isle of Tears” van Brendan Graham.

Welke muziek zouden mensen misschien niet zo bij jou verwachten en vind je toch prachtig?

Brassbandmuziek.

Met wie zou je wel eens samen willen zingen en/of spelen?

Irish Stew

 

 

 
Design & Building: Steffen & Jelte