Algemene Agenda

TSJOCH 33
Lawei Drachten
25-09-2010 (aanvang: 16:00)

ArtiestenInfoCursussenRecensiesAdvertentiesDe MikrofoanGastenboek

Tsjoch Vereniging | Cursussen

Nieuws over het cursusaanbod

In het voorjaar 2010 willen we weer starten met een cursusaanbod voor Tsjochleden.
Het aanbod zal bestaan,bij voldoende deelname (minimaal 8 per cursus) uit;

• Cursus webside maken.
• Cursus geluidstechniek
• Cursus presentatie en kleding/kleur.
• Cursus presentatie en zang.
• Workshop zang.
 
De kosten voor deze cursussen zijn 12.50 per persoon per cursus.De voorwaarde voor deelname is wel dat je lid moet zijn van Tsjoch.
Binnenkort vindt je op de website van Tsjoch alle informatie over deze cursussen.

Heb je nog vragen of ideeen neem dan contact met mij op.

Groetjes, Baudien Dijkstra
Tel: 06-28232472 (liefst na 19.00)
Email: This e-mail address is being protected from spambots. You need JavaScript enabled to view it
 
Kursus ‘Lietteksten skriuwe’ troch Jurjen van der Meer
Wat is der moaier as dyn eigen ferske te hearren op cd, op ’e radio of live spile yn in seal? Foardat it safier is moat sa’n ferske earst wol skreaun wurde fansels. It skriuwen fan in goede liettekst is in fak apart. Wat makket in tekst ta in geskikte liettekst? Hoe is sa’n tekst opboud en wêr moat in hit oan foldwaan? Wa soarget foar de muzyk, hoe krij ik it wurk op cd en hoe sit it mei de rjochten? Allegeare fragen dêr’t dizze kursus in antwurd op jout. Hasto nocht oan skriuwen en hâldst fan muzyk, dan is dizze kursus miskien wat foar dy. Fan in goede liettekst is altyd ferlet. Hjir learst om ien te skriuwen.

Jurjen van der Meer is lietteksteskriuwer fan profesje. Dat docht er yn opdracht fan in grut ferskaat oan artysten en ynstânsjes. Hast alles wat er makket wurdt brûkt. Alle dagen kin men wol ferskes fan him hearre op ‘e radio. ‘Knoopkes’, songen troch Piter Wilkens, is syn grutste hit. Jurjen jout de kursus ‘Lietteksten skriuwe’ by Tresoar al sûnt 2006, de earste kear yn gearwurking mei St. Liet, en alle kearen mei sukses.

Plak: Tresoar, Bûterhoeke 1, Ljouwert
Data: sneon 28 nov, 12 des, 9 en 23 jan, 13 feb, 6 maart en 20 maart (reserve) fan 10:30-12:30 oere. Ofslutende presintaasje yn De Bres, Ljouwert, 27 april. Kosten: € 90,–
Opjefte: till. 058 – 789 0 789, freegje nei Petra Bierma, of sjoch op www.tresoar.nl rubryk Edukaasje/Kursussen.

Kursus Technyk – 21 maart 2009

Foar eltsenien dy’t sjongt en spielet:

Steande weagen
geande weagen
Lûd prikkeljend
syntûgen triljend

Hoe moai asto ek sjongst en spielest
Eltse romte jout wat oars werom
Fersterking of ferforming?
In brekbere grins

Hoe kin ik herten sjongen litte?
It gefoel yn myn liet oerbringen?

Asto dan dochs fersterken moast:
Hans joech it lûd wjukken
Fakmanskip, suver fakmanskip
En hiele goede earen :>P.

De kursus wie tige nijsgjirrich
Ik ha sa protte leard en heard
Soms lytse feroaringen oan plak
en ynregeling fan'e apparatuer
jout it ferskil tusken pikenfel
en de hânnen foar de earen.
Piipjes, brommen, gerûs?
we witte er no alles fan.
No noch sels dwaan :>P.

Ik sjoch út nei in ferfolg op dizze kursus.
Miskien mei wol folle mear minsken!!!

Tige tankTsjoch foar dizze kans
Tige tank Baudien foar it organisearren
Tige tank Hans foar dyn entûsiasme en oandacht
Tige tank alle meidoggers foar de ynspiraasje.

Mei freonlike groetnis en oant sjen,
Era
Ferslach workshop op 28 maart 2009 en 4 april 2009
Dosinten Wouter Daane en Roel Slofstra

Sa’n krapoan tsien kursisten tref ik as ik op 28 maart om tsien oere yn de Skippersseal kom.
Wouter Daane sil in presintaasjesworkshop jaan en dêr hawwe wy allegearre gjin noasje fan wat soks wurden giet. It ynliedende ferhaal fan Wouter makket al nijsgjirrich. Wat wy moatte is ús sels presintearje en neat oars. Mar wat is de bêste manier? Jo moatte josels doarre te jaan yn hear en fear en, dat docht bliken, is noch net sa ienfâldich. Faak witte wy net dat it krekt efkes flotter kin en dat der ek mear fan josels yn it boadskip nei it publyk ta sitte kin en faken sels sitte moat.
It is om bar opkomme en jo sechje dwaan. Wy meie fan Wouter allegearre wol sizze wat wy der fan fine. Dat wurket goed. Fan al dy oaren leare jo te sjen hoe oft it kin en sa no en dan wêr’t it noch better kin of wannear’t jo tinke; moai sa as dy it docht. Elts hat sa syn eigen manier fan dwaan en litten. Ek syn eigen sfear en muzyk fansels. De groep is moai ferskillend.
As wy om 16 oere ôfskie fan elkoar nimme, seit in elts it in pracht dei fûn te hawwen en o sa’n soad leard te hawwen. It is krekt of kenne wy elkoar alhiel lang, wylst dat net it gefal is by guon fan ús, sels ik koe de measten net. As wienen wy famylje sa fûstkje wy ôf oan it ein fan de dei. In pear fan de groep sille mekoar de wyks dêrop wer treffe. Roel Slofstra is der dan by foar de sang, Wouter wer foar de presintaasje fan ús liet.


Enkele reactie's van cursisten van de presentatiecursus:

Toch weer een aantal puntjes op de I gezet!! Leuke cursus!

Veel van deze cursus opgestoken, bedankt. Cor

In hiele protte fan opstutsen fan dizze cursus, geweldig. Roelof Koopmans

“T was weer prachtig, Marian Nesse

Ik kaam sunder ferwachtingen en bin harstikke bliid dat ik meidien haw. Tige learsum, de tiid fleach! Ik doch mei at der in ferfoch komt! Gerlind

Hiel nuttich en praktijsk brukber! Hinke

Wat wie dit in underfining yn it josels kennen te learen. Ha it idee dat ik no in ein fierder bin om te presenteren. Tige tank, Wouter! Baukje

In tige weardefolle dei, it kaam hiel ticht bij mijsels. En dat wie goed! Tige tank, Grytsje
 
Design & Building: Steffen & Jelte